Boalserter e.o. sjongers socht
De Gysbert Japicx Stifting is drok yn’t spier foar de iepening fan it Gysbert-Japicx-jier 2016. Yn it Gysbert Japicxhûs is it allegear aksje wat de klok slacht. Dit jier is it nammentlik 350 jier lyn dat Gysbert ferstoar
**De Gysbert Japicx Stifting is drok yn’t spier foar de iepening fan it Gysbert-Japicx-jier 2016. Yn it Gysbert Japicxhûs is it allegear aksje wat de klok slacht. **
Dit jier is it nammentlik 350 jier lyn dat Gysbert ferstoarn is, en syn betsjutting sil fierd wurde. “Syn greate namme nea yn ûs gehûgnis steart”, hat immen ris sein yn de 19de ieu. “Zijn grote naam zal nooit in ons geheugen sterven”.
Boaslert is mei rjocht en reden grutsk op dizze 17de iuwske Fries. Syn literêre kwaliteiten wurde gauris fergelike mei dy fan Vondel, in tiidgenoat út Amsterdam. De lytse, mar prachtige stêd Boalsert mei like grutsk wêze op Gysbert as de Amsterdammers op Vondel. Boppedat hat Boalsert ien fan de moaiste stedhuzen fan Nederlân. En: de boumaster wie Jacob Gysberts: de heit fan Gysbert Japicx! Wol Bolswert en fansels hiel Fryslân syn namme duorjend earje, dan kinne wy fansels net stilsitte. It bestjoerfan de Gysbert Japicx Stichting grypt dêrom mei it Gysbert Japicxhûs eltse gelegenheid oan, om him ûnder de oandacht te bringen.
Mear as trije iuwen lyn seach hy al it moaie fan de Fryske taal, en as hy der gjin wurk fan makke hie, wie der faaks net in soad mear fan de taal oer. Yn it Gysbert Japicx betinkingsjier 2016 steane der 5 grutte momenten op it programma: 1] De offisjele iepening fan it Gysbert-jier op 21 maaie middeis om 3 oere yn de Boalserter Martinitsjerke 2] In Fryske Tsjerke-snein op 22 maaie yn hooplik alle Fryske tsjerken. 3] De musical “Meester Gijsbert wurdt Master Gysbert” foar de basisskoallen yn Fryslân, útfierd yn de Broeretsjerke, yn de moannen septimber en oktober. 4] In trijedielige lanlike dokumentêre oer Gysbert Japicx, makke troch omrop Fryslân. 5] ”AksjeTaalsynjaal”, in ludyk besykjen de Fryske taal boartsjendewei tichter by Friezen en net-Friezen te bringen, as opmaat nei Kulturele Haadstêd 2018.
Foar it slagjen fan de iepening fan it Gysbert-jier wolle wy graach in berop dwaan opsjongers út Boalsert en omkriten. De iepening sil plakfine yn de Martinitsjerke fan Boalsert op 21 maaie de middeis om trije oere, mei sprekkers en muzyk oer en fan Gysbert Japicx. Wy besykje in Boalserter Gysbert Japicx ad hoc koar te foarmjen, en nei twa rippetysjes ús hearre te litten by dy feestlike iepening!
Der is goed réagearre op ús oprop oan de Boalserter koaren. Fan alle koaren binne der al oanmeldings, mar wy besykje in Gysbertkoar presintearje te kinnen mei in fjirtichtal sjongers!Under lieding fan Hindrik van der Meer fan Jorwert – hy is ek bestjoerslid fan de Gysbert Japicx Stichting – binne der twa rippetysjes yn de Gasthuiskerk. Op sneon 7 maaie de moarns (9.30) en op tiisdei17 maaie de jûns (19.30) yn de Gasthuiskerk.
Dogge Jo mei? Dan graach oanmelde mei de stimsoart op 0515-573990 of ynfo@gysbertjapicx.nl of yn it bertehûs fan Gysbert Japicx, Wipstrjitte 6.
It bestjoer fan de Gysbert Japicx Stichting.
Verder lezen
Lees ook
Steeds meer jongeren kiezen voor een praktisch beroep in Friesland
Steeds meer jongeren in Friesland kiezen tegenwoordig voor een praktisch beroep. Dit komt doordat de groeiende vraag naar vakmensen zorgt voor goede baankansen en de mogelijkheid om direct werkervaring op te doen. Kortom
NieuwsWaar let je op bij het kiezen van een goede fietsendrager?
Een fietsendrager lijkt misschien een eenvoudige aankoop, maar in de praktijk zijn de verschillen groot. Zeker nu elektrische fietsen populairder worden, stellen mensen hogere eisen aan draagvermogen, gebruiksgemak en ve
NieuwsFriesland ontspant: een kijkje in de wereld van online casino's
Friesland ontspant overdag vooral in de natuur met de mooiste wandelroutes of een vaartocht over zee. Maar als de avond valt gaan steeds meer Friezen op zoek naar andere activiteiten om te ondernemen. Eén van de favoriet
NieuwsDe leukste casino’s die een ritje vanuit Bolsward waard zijn
In de regio Bolsward is het lang niet altijd eenvoudig om een casino te bezoeken. Voor een bezoek aan het casino moet je meestal wel een flink ritje maken. Het is daarom belangrijk om alleen de allerleukste casino's te b
NieuwsSchapenhekken: kies rol of panel voor jouw erfgrens?
Begin niet bij “wat staat mooi”, maar bij je lijn en je trekpunten: hoeken, eindes en doorgangen. Dáár komt de spanning samen en dáár zie je later het snelst of iets gaat werken. Als die punten stevig staan en je bevesti
NieuwsHet belang van uniek en betekenisvol speelgoed
Speelgoed speelt een cruciale rol in het leven van kinderen. Het is niet alleen een bron van plezier en vermaak, maar ook een belangrijk instrument voor hun groei en ontwikkeling. Maar niet al het speelgoed is gelijkwaar